Hjirby alfêst ek in oprop foar: KRYST 2017
Lykas oare jierren wolle wy ek dit jier wer
mei in groep entûsjaste sjongers en muzikanten,
moarns betiid, it bliid boadskip rûnsjonge yn Ternaard. Dogge jim dit jier ek mei?
Sneintemoarn 25 des. is der ferlet fan
in grut tal sjongers en muzikanten foar it Krystmoarnsjongen!!!
Elkenien kin meidwaan!!! Kom dêrfoar moarns om 6.30 oere(!) nei doarpshûs Tunawerth.
Nei in tocht troch it doarp en by de Spiker lâns,
slute wy om 8.15 o. wer ôf yn Tunawerth.
Foar elkenien is der dan noch in
bakje waarme poeiermolke en in stikje krystbôle.
Al 28 jier in sfearfolle en tige wurdearre aktiviteit om de krystdagen mei yn te setten !