It blomstik dat hjir yn tsjerke stiet is makke yn opdracht fan de PKN-gemeente Ternaard troch Aukje Kingma.
It blomstik is makke yn de kleuren fan de Nederlânske flagge, en stiet symboal foar de ienheid en ûnôfhinklikheid fan it hiele Keninkryk der Nederlanden.
De ferskillende kleuren dy’t brûkt binne hawwe allegear in betsjutting
Read is de kleur fan libben, krêft en passy,
Wyt is de kleur fan ûnskuld, folsleinens en frede en stiet foar in nij begjin
Blau is de kleur fan wilskrêft, leauwen en betrouwen
De blommen dy’ferwurke wurde binne binne Hedera/klimop en stiet symboal foar trou en ferbûnes.
De vergeetmijnietjes sprekke foar harrensels sadat wy harren net ferjitte dy’t foar ús striden hawwe. Mar steane ek foar de takomst dat wy net ferjitte dat dit nea wer barre mei.
De wite lely’s dy’t ferwurke binne steane foar ljocht en frede
de roas is it symboal foar leafde ,freugde en betrouwen.
De liuwebek yn it blomstik ferwurke as teken fan folsleinens , geheimen bewarje en fine wat ferlern is.
En as lêste de gerbera as synboal foar in dierbere freonskip. Sa sprekt dit blomstik yn syn folsleinens fan trou, ferbûnens en frede.